Springe nei ynhâld

Provinsjaal park

Ut Wikipedy
It Provinsjaal Park Ischigualasto yn Argentynje.

In provinsjaal park is in natoergebiet mei in beskerme status, ynsteld troch it regear fan in provinsje. It liket sadwaande op in nasjonaal park, in natoergebiet mei in beskerme status, ynsteld troch in nasjonaal regear. Om't provinsjes minder foech hawwe as nasjonale regearings, hawwe provinsjale parken ornaris in legere beskerme status as nasjonale parken. Almeast binne provinsjale parken ek lytser as nasjonale parken. It komt wol foar dat in natoergebiet earst in provinsjaal park wurdt en letter erkenning fan it nasjonale regear kriget en dan opklimt ta nasjonaal park.

Provinsjale parken komme foar yn fjouwer lannen: Argentynje, Belgje, Kanada en Súd-Afrika. Yn Belgje wurde sokke natoergebieten oantsjut as provinsjale domeinen ynstee fan mei de term "park". Yn Kanada, dat njonken provinsjes ek trije territoaria omfettet, komme sadwaande ek territoriale parken foar, dy't behalven de namme yn neat fan provinsjale parken ferskille. Yn inkele oare lannen, te witten: Austraalje, Brazylje, de Feriene Steaten en Meksiko, komt in soartgelikens type natoergebiet foar dat steatspark hjit, om't dy lannen net ferdield binne yn provinsjes, mar yn dielsteaten. It âldste provinsjaal park fan 'e wrâld is it Keninginne Fiktoaria Park yn Niagara Falls, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, dat oprjochte waard yn 1888. Wrâlds grutste provinsjaal park leit ek yn Ontario; dat is it 23.552 km² beslaande Provinsjaal Park Polar Bear, oan 'e kust fan 'e Hudsonbaai.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.